Nasjonale betinking op tongersdei 4 maaie(19-04-2017)

By de Nasjonale Betinking op tongersdei 4 maaie betinke wy elkenien – boargers en militêren – dy’t yn it Keninkryk fan de Nederlannen of wêr ek op ‘e wrâld om it libben kommen binne yn oarlochssitewaasjes en by fredesoperaasjes sûnt it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich.

Tema

Alle jierren nûget it ‘Nationaal Comité 4 en 5 mei’ in auteur út om in Jiertema-tekst te skriuwen. Foar 2017 hat Arendo Joustra, haadredakteur fan Elsevier de tekst skreaun en dizze hat as titel: “De kracht van het persoonlijke verhaal”. Joustra beskriuwt hoe’t persoanlike ferhalen ynsetten wurde kinne by in betinking of fiering. Mear ynformaasje is te finen op de webside www.4en5mei.nl fan it ‘Nationaal Comité 4 en 5 mei’.

Twa minuten stilte

De Nasjonale Betinking wurdt yn Nederlân alle jierren op 4 maaie holden. Op in protte plakken binne der betinkingsplechtichheden en wurde blommen lein by monuminten. Fan 18.00 oere ôf oant sinne-ûndergong wurde de flaggen fan iepenbiere gebouwen healstôk hongen. Partikulieren wurdt fersocht dizze koers te folgjen. Jûns fan kertier foar achten oant 30 sekonden foar acht oere liede de klokken fan tsjerken. Fan 20.00 oere ôf oant 20.02 oere wurdt op de betinkingsplakken en yn de neiste omjouwing folsleine stilte yn acht nommen. De iennige útsûndering kinne de acht slaggen fan de klok wêze. Foar safier mooglik wurde dizze twa minuten alle aktiviteiten yn it iepenbiere libben en it ferkear stilset. De radio- en televyzjeomroppen en it iepenbier ferfier hawwe hjir in foarbyldfunksje by.

Betinkingsplechtichheden

Yn ús gemeente sil oandacht skonken wurde oan it betinken fan álle oarlochsslachtoffers út it Keninkryk (of wêr ek op ’e wrâld) yn Mantgum, Easterein, Kûbaard en Wjelsryp. Yn dizze doarpen sil in ‘stille tocht’ of in betinking holden wurde.

Betinkingsplechtichheid Mantgum

De betinking op it tsjerkhôf op Skillaerd by Mantgum is de offisjele betinkingsplechtichheid fan de gemeente Littenseradiel. De stille tocht begjint jûns om 19.40 oere yn Mantgum op it parkearplak by it krúspunt Seerp van Galemawei / Swannedrift en giet nei it begraafplak op Skillaerd. De staasje sil foarôfgongen wurde troch leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De tocht wurdt te foet en yn stilswijen ôflein. Nei’t op it begraafplak twa minuten stilte yn acht nommen binne, sille út namme fan it gemeentebestjoer twa kolleezjeleden in betinkingskrânse lizze by de grêven fan de fleaners dy’t yn de oarloch fallen binne en dêr begroeven lizze. Elkenien wurdt yn de gelegenheid steld om dit foarbyld te folgjen en ek blommen by de grêven te lizzen. Mei de stille tocht nimme learlingen fan Dûbelspan út Boazum diel oan de betinkingsseremoanje troch de krânse foar it gemeentebestjoer nei it tsjerkhôf te dragen.

Easterein

De betinkingsplechtichheid yn Easterein begjint om 19.30 oere yn ‘Kunstcentrum In de Kerk’, dêrnei fiert de stille tocht nei de Martinitsjerke foar it krânselizzen.  

Kûbaard

Fan 19.15 oere ôf sil der yn de Victortsjerke yn Kûbaard in betinkingsplechtichheid holden wurde mei as ôfsluting in krânselizzing by it monumint.

Wjelsryp

De stille tocht yn Wjelsryp, de jûns om kertier foar achten, giet fan it skoalplein fan de basisskoalle nei de tsjerke foar in sobere plechtichheid.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Nasjonale betinking op tongersdei 4 maaie'.