No subsydzje oanfreegje foar kulturele produksjes meartaligens! (16-05-2017)

Dit item is verlopen op 29-05-2017.
logo Lân fan taal

Foar it útfieren fan in kulturele produksje op it mêd fan meartaligens, kin subsydzje oanfrege wurde yn it ramt fan Lân fan Taal oant 31 maaie 2017.

Om hokker produksjes giet it?

  • Lytse kulturele produksjes op it gebiet fan meartaligens, mei in totale begrutting tusken € 1.000,- en 2.500,-.
  • Grutte kulturele produksjes op it gebiet fan meartaligens, mei in totale begrutting fan mear as € 2.500,-.

Yn beide gefallen giet it om in publykrjochte aktiviteit dêr’t minimaal 100 persoanen ferwachte wurde. De aktiviteit begjint yn Fryslân op syn lêst yn 2018.

Wannear oanfreegje?

Der is yn 2017 twa kear de mooglikheid om subsydzje oan te freegjen. De earste oanfraachperioade is fan 1 maaie 2017 ôf oant en mei 31 maaie 2017. It subsydzjeplafond is foar lytse kulturele produksjes € 5.000,-. Foar grutte kulturele produksjes is it plafond € 35.000,-. De lêste iepenstelling is fan 4 oktober 2017 oant en mei 1 novimber 2017.

De betingsten

De oanfraachkritearia kinne jo fine op de webside fan de provinsje Fryslân. Wichtich: it giet hjirby net om it meitsjen of útjaan fan produkten lykas boeken en cd’s mar wol om in publykrjochte aktiviteit as oanfolling oan de iepen programmearring fan Lân fan taal. It brûken fan taal/talen stiet hjirby sintraal, it makket net út hokker taal/talen.

Foar wa?

De subsydzje is ornearre foar natuerlike persoanen en rjochtspersoanen dy’t noch gjin subsydzje fan de provinsje krigen hawwe.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear (handige) ynformaasje op www.lanfantaal.frl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Kulturele produksjes meartaligens kinne subsydzje oanfreegje'.