Patyna en gemeente tekenje yntinsjeoerienkomst ferkeap gemeentehûs (14-06-2017)

Liemburg en Krul tekenje de oerienkomst

Moandei 12 juny 2017 hawwe boargemaster Liemburg fan Littenseradiel en de hear Krul, foarsitter fan de Rie fan Bestjoer, fan Patyna in yntinsjeoerienkomst tekene. Dêrmei is in wichtige stap set yn in proses dat liede moat ta de ferkeap fan it gemeentehûs.

Wat stiet der yn in yntinsjeoerienkomst?

De yntinsjeoerienkomst regelt de taakferdieling tusken de beide partijen, de wize fan oerlis, de kommunikaasje, de toets op de helberens, de útgongspunten, de tiidsplanning en de fierdere gebrûklike saken rûndom de tarieding fan in oerienkomst.

Bliid

Wethâlder Bonnema is bliid. “It binne serieuze petearen en it liket der op dat der in nije bestimming komt foar it gemeentehûs. As it allegearre rûn komt, dan hoecht it dus net lang leech te stean.”

Mooglik 21 apparteminten en romte foar  ‘doarpsfunksjes’

De gemeente is yn petear mei Patyna oer de ferkeap fan it gemeentehûs en de ferbou fan it gebou ta wenienheden. Patyna hat in helberensstúdzje útfierd en op 13 desimber oan it fertsjintwurdiging fan de gemeente presintearre. Yn dy stúdzje giet it om mooglik 21 apparteminten en romte foar ‘doarpsfunksjes’. Beide partijen steane posityf foar de fierdere útwurking fan de plannen oer. Se wolle – elk foar harsels – fierder ûndersyk dwaan nei de mooglikheden om de plannen ek wier te realisearjen. Dêroer binne no ôfspraken makke yn de yntinsjeoerienkomst.

Ferkeap troch weryndieling

It gemeentehûs yn Wommels ferliest troch de gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2018 har funksje. De gemeente hat him oriinteard op mooglik nije funksjes foar it gemeentehûs dy’t yn it belang binne fan Wommels. Romtlik past in gebou mei wenienheden, wol as net mei soach, yn de kearn fan Wommels. Patyna is in spesalisearre organisaasje foar âldereinsoarch yn Fryslân, dy’t út rom 30 lokaasjes wei ferantwurdlik is foar in breed skala oan soarch en tsjintferliening oan rom 3000 âlderen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Patyna en gemeente tekenje yntinsjeoerienkomst ferkeap gemeentehûs'.