Pieperpad feestlik iepene! (11-09-2017)

Op moandei 11 septimber hawwe wethâlders Marja Reijndorp (Littenseradiel) en Friso Douwstra (Ljouwert) it Pieperpad fan Weidum nei Ljouwert feestlik iepene.

Pilot

De gemeente Ljouwert hat de skoalrûte fan Weidum nei Ljouwert mei pylken op de dyk oanjûn. Fan de Van Harinxmabrug ôf wurdt der fierder ferwiisd nei fiif skoallen yn de stêd. Hjirfoar binnen ferskate kleuren pylken brûkt dy’t nei de oanbelangjende skoallen liede. Foar  de gemeente Ljouwert is it Pieperpad in pilot. De pilot wurdt yn de earste wiken fan septimber ‘monitord’ om te sjen oft it projekt slagge is en oft de gemeente hjir in ferfolch oan jaan wol.

Inisjatyf fan skoalbern

It Pieperpad is in projekt út ‘Heel Leeuwarden Fietst’ dat troch skoalbern betocht is. Hendrik Haima fan Weidum is ien fan de skoalbern út de projektgroep. De namme Pieperpad komt fan it wurd ‘brugpiepers’. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de ‘brugpiepers’ tige kwetsber yn it ferkear binne yn de earste wiken. Dit hat te krijen mei de nije skoalrûte, swiere tassen, oar ritme en ôflieding yn it ferkear. De bern út de projektgroep hawwe it Pieperpad betocht om de ‘brugklassers’ feilich op wei te helpen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Pieperpad feestlik iepene!'.