Praat mei oer de takomst fan Fryslân (09-06-2017)

Dit item is verlopen op 01-07-2017.

Yn wat foar Fryslân wolle jo yn 2030 wenje, wurkje, rekreëarje, koart sein: libje? Fan 20 juny ôf binne der rûnom yn Fryslân Omgevingslabs oer it Fryske plattelân. Dogge jo ek mei?

Omgevingslabs op 22 juny

Yn in Omgevingslab dogge ynwenners, ûndernimmers en eksperts tegearre mei de gemeente, provinsje en wetterskip ûndersyk nei de takomst fan ús leefomjouwing. Ein juny organisearje de overheden dêrom fjouwer Omgevingslabs, ek yn Súdwest- en Noardwest-Fryslân. Jo binne fan herte wolkom.

Oanmelde

As jo komme wolle, dan moatte jo josels wol efkes oanmelde. Dat kin fia it formulier op https://goo.gl/adP8wa.

Wêr giet it dan oer?

Underwerpen as klimaatferoaring, lânbou, biodiversiteit, rekreaasjeûntwikkeling, lânskipskwaliteit en kultuerhistoary komme oan de oarder. Hoe falt it brûken fan it lanlik gebiet yn de takomst gear mei de kwaliteiten fan it romtlik gebiet? Mei elkoar ûndersykje we de ûntwikkelings.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Praat mei oer de takomst fan Fryslân'.