Previnsjetruck ‘Stop Woninginbraken’ yn Wommels (22-09-2017)

Dit item is verlopen op 29-09-2017.
logo politiekeurmerk Veilig Wonen

Wolle jo witte hoe’t jo ynbrekkers bûten de doar hâlde kinne? Kom dan op woansdei 27 septimber nei de Previnsjetruck ‘Stop Woningbraken’ yn Wommels. De truck stiet fan 13.00 oant 17.00 oere op De Terp.

Ynformaasje en advys

By de Previnsjetruck jouwe saakkundigen fan plysje en gemeente ynformaasje en advys oer ynbraakprevinsje. De plysje jout advizen om in wenning better te beskermjen tsjin ynbraken en der binne yn de truck ferskate folders oer dit ûnderwerp. Sa kinne ynwenners sjen wat sy sels dwaan kinne om in ynbraak foar te kommen of minder maklik te meitsjen foar de ynbrekker.

Sels maatregels treffe

Boargemaster Johanneke Liemburg: “Ynwenners moatte harren feilich fiele kinne. By de gemeente en plysje hawwe wenningynbraken in hege prioriteit. De plysje docht der fansels alles oan om ynbraken op te lossen en de dieder(s) oan te hâlden. As ynwenner kinne josels ek maatregels treffe om derfoar te soargjen dat ynbrekke yn jo wenning net maklik is. Ik nûgje alle ynwenners fan Littenseradiel út om efkes by de previnsjetruck te sjen.”

Mear ynformaasje

Tips oer ynbraakprevinsje binne ek te finen op www.politie.nl (ûnder it ûnderwerp ‘Woninginbraak’), op www.politiekeurmerk.nl of www.maakhetzeniettemakkelijk.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Previnsjetruck ‘Stop Woninginbraken’ yn Wommels'.