Provinsjale subsydzje foar kavelruil (29-11-2017)

Dit item is verlopen op 16-12-2017.
logo Provinsje Fryslân

Grûneigners kinne fan 29 novimber oant en mei 29 desimber 2017 subsydzje oanfreegje foar kavelruil. Dit bart fanút it projekt ‘Kavelruil foar Fryslân’. Dizze bydrage is allinne bedoeld foar proseskosten dy’t grûneigners meitsje.

Grûn tichter by it bedriuw

De subsydzjeregeling moat in bettere berikberens fan grûn foar boeren en ferkearsfeiligens yn it bûtengebiet stimulearje. Mar it biedt ek kânsen oar in optimale ynrjochting fan greidefûgelkearngebieten (kânsrike gebieten foar greidefûgels) en natuergebieten.

Prinsipe fan kavelruil

It prinsipe fan kavelruil is ienfâldich en tagelyk doeltreffend. In groep lânbouboeren of grûneigners geane mei-inoar om tafel om te besjen oft hja troch te ruiljen de ferkavelingssitewaasje ferbetterje kinne. Oftewol: oft hja grûn tichter by har bedriuw krije kinne. Mei-inoar meitsje sy in plan foar frijwillige herverkaveling. Provinsje Fryslân kin dêrby prosesstipe biede. De subsydzje is allinne bedoeld foar proseskosten lykas notaris-en kadasterkosten.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje stiet op www.fryslan.nl/kavelruil.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Provinsjaal subsydzje foar kavelruil'.