Dûnskursus
Yn it ramt fan "Alderein yn Beweging" hat it Senioren Platform Littenseradiel krektlyn, yn gearwurking mei Sport Fryslân en de gemeente Littenseradiel, twa 'Beweechmiddeis' organisearre yn Winsum en Wommels. Yn septimber folget no sa'n selde middei yn Mantgum. Om hjir noch in ferfolch oan te jaan, hat it Senioren Platform it plan opfetten yn it neijier, by genôch belangstelling, in dûnskursus foar âlderein te organisearjen.
Hawwe jo belangstelling?
Wy wolle ús no alfêst in idee foarmje oer de animo dy't hjirfoar bestiet. Dêrom freegje wy jo om it oan ús troch te jaan as jo belangstelling ha. Neiere bysûnderheden krije jo dan yn septimber te hearren. Jo kinne kontakt opnimme mei de foarsitter fan it Senioren Platform Littenseradiel: de hear C. Valkema, tillefoan (0515) 332138 of fia e-mail c.valkema@ziggo.nl.