Slagge Beweechwike by swimbad De Klomp (15-05-2017)

De Beweechwike by swimbad De Klomp is ek dit jier wer goed besocht, nettsjinsteande dat it waar sa no en dan spulbrekker wie. De Beweechwike is foar sawol bern as folwoeksenen in moaie gelegenheid om yn ‘e kunde te kommen mei ferskate sporten.

Ferskate aktiviteiten

Fan 4 oant en mei 12 maaie wienen der ferskate aktiviteiten. Sa joech swimbad De Klomp ferskate demonstraasjes op it gebiet fan swimfeardigens, snorkeljen en survivalswimmen. Dêrneist organisearre COVOS in beachvolleybal-toernoai en fersoarge Sportcentrum Akkermans dûnsworkshops ‘Dans en Kick’.

Gearwurking

Buertsportwerk Littenseradiel organisearre dizze wike by swimbad De Klomp yn gearwurking mei ferskate sportoanbieders.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Slagge Beweechwike by swimbad De Klomp'.