Sport- en spultsje strûs-yn, ek yn de maitiidsfakânsje lekker dwaande wêze! (17-02-2017)

Dit item is verlopen op 21-02-2017.
logo buurtsportwerk

Op moandei 20 febrewaris 2017 kinne basisskoallebern fan de groepen 3 oant en mei 8 út de gemeente Littenseradiel wer meidwaan oan de Sport- en Spultsje strûs yn. De strûs yn fynt plak yn Sporthal De Greidhoeke yn Easterein! Oanmelde is net nedich!

Wat is der te dwaan?

Der wurde ferskate beweech- en sportaktiviteiten organisearre, sa as keatsen, follybal, judo en der is ek in whipe out-sweeper! Kom lâns om te sjen wat der noch mear te dwaan is!

Programma

Om't net alle bern tagelyk yn de sporthal passe, hawwe wy in ferdieling makke. It is frije ynrin, dus kom gesellich lâns. Alle 20 minuten begjint der in nije ronde. De yntree is € 3,00 en meidwaan is op eigen risiko.

  • groep 3 o/m 5 - 09.30 – 11.00 oere
  • groep 6 o/m 8 - 11.00 – 12.30 oere

Buurtsportwerk Littenseradiel

De sport- en spultsje strûs-yn wurdt organisearre troch Buurtsportwerk Littenseradiel yn gearwurking mei ferskate sportoanbieders.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Sport- en spultsje strûs-yn, ek yn de maitiidsfakânsje lekker dwaande wêze!'.