Stimme op 22 novimber! (20-11-2017)

Op 22 novimber oansteande binne der yn dizze regio gemeenteriedsferkiezings. De ferkiezings binne betiid fanwege de gemeentlike weryndielingen. As it goed is, hawwe jo jo stimpas al ûntfongen. Ferjit dus net te stimmen op 22 novimber.

Wêr kinne jo mear ynformaasje fine?

De ferkiezings geane dus oer gemeenterieden fan trije nije gemeenten. Let goed op wêr’t jo stimme sille. Want jo kinne as ynwenners fan Littenseradiel allinne stimme yn de stimburo’s dy’t geane oer de nije gemeente. Op dizze website kinne jo mear ynformaasje fine oer de ferkiezings. Dêr fine jo ek ferwizings nei de ferkiezingssiden op de sites fan de gemeenten Leeuwarden, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Foar algemiene ynformaasje oer stimme foar dizze ferkiezings kinne jo ek sjen op www.stem2211.nl.

Stimwizer

Witte jo noch net op wa’t jo stimme sille? Dan kinne jo ek de online stimwizer rieplachtsje op www.stemwijzer.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stimme op 22 novimber!'.