Stremming Baerderdyk/Gele Buorren, Baard(18-04-2017)

ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

De Baerderdyk/ Gele Buorren (fan Froonackerdyk ôf oant komgrins Baard) ) is stremd foar alle ferkear, yn ferbân mei it oanbringen fan bermferhurding, fan moandei 1 maaie oant en mei tiisdei 9 maaie, op wurkdagen tusken 7.00 en 16.30 oere.

Data ûnder foarbehâld

De wurksumheden binne waargefoelich, dêrom kin it wurk earder, mar ek letter klear wêze.

Berikberheid

De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. Bewenners yn it wurkfak wurde neier ynformearre oer de berikberheid. De oan it wurk grinzjende wenningen binne ûnder de wurksumheden berikber foar helptsjinsten.

Kontakt

De wurksumheden wurde yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel útfierd troch Schagen Infra bv út Hasselt. Foar de deistige gong fan saken, kinne jo kontakt opnimme mei de útfierder fan it wurk, Dennis Eefting fan Schagen Infra bv, tillefoan: 06 – 10 13 26 24.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear S. Fluitman, berikber op tillefoannûmer 14 0515.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Baerderdyk/Gele Buorren, Baard'.