Stremming Hottingawei Wommels (UPDATE) (12-09-2017)

Dit item is verlopen op 15-09-2017.
ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

Dizze stremming wurdt útsteld om it minne waar. Wy hâlde jo op de hichte.

De Hottingawei yn Wommels is stremd foar alle ferkear op 13 en 14 septimber 2017 yn ferbân mei it oanbringen fan in slytlaach. De wurksumheden binne ôfhinklik fan it waar en kinne dêrom earder of letter klear wêze.

Omlieding

De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. De Freuleleane, Fabrykswei en de dêrefter lizzende strjitten binne berikber fan de provinsjale dyk N359 ôf. Oangrinzjende bewenners wurde neier ynformearre.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo op moandei en woansdei terjochte by de hear P. Post, p.post@littenseradiel.nl of (0515) 334478.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Hottingawei Wommels'.