Stremming Meamerterdyk, Winsum (18-04-2017)

Dit item is verlopen op 03-05-2017.
ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

De Meamerterdyk yn Winsum (tusken Pier Winsemiusleane en it carpoolplak) is stremd fan moandei 1 maaie oant en mei tiisdei 2 maaie 2017. De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. Fytsers en fuotgongers kinne der lâns.

Wurksumheden

Oan de Meamerterdyk wurde de folgjende wurksumheden ferjochte:

  • asfaltearringswurksumheden
  • oanlis nije komgrins
  • oansluting fytspaad binnen de 30 km-sône

Berikber foar helptsjinsten

De oan it wurk grinzjende wenningen binne ûnder de wurksumheden berikber foar helptsjinsten.

Hawwe jo fragen?

De wurksumheden wurde yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel útfierd troch oannimmersbedriuw Jansma Drachten B.V. Foar de deistige gong fan saken kinne jo kontakt opnimme mei de haadútfierder fan it wurk, Alfred Stiksma, tillefoannûmer 06 -224 105 21.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear P. Post (p.post@littenseradiel.nl) of de hear J. Kuipers (jaap.kuipers@littenseradiel.nl).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Meamerterdyk, Winsum'.