Stremming Skillaerderdyk Mantgum (09-10-2017)

ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

Fan tiisdei 17 oktober ôf oant en mei tiisdei 7 novimber 2017 is de Skillaerderdyk yn Mantgum, fan de Seerp van Galemawei ôf oant en mei Skillaerderdyk nû. 15 (brânwachtkazerne/gemeentewurkpleats), ôfsletten foar alle ferkear yn ferbân mei riolearringswurksumheden.

Data ûnder foarbehâld

De wurksumheden binne waargefoelich, dêrom kin it wurk earder, mar ek letter klear wêze.

Berikberheid

De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. Bewenners yn it wurkfak wurde neier ynformearre oer de berikberheid.

Fragen?

De wurksumheden wurde yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel útfierd troch DVJ fan De Jouwer. Hawwe jo fragen oer it wurk? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de hear S. Visser van DVJ bv, tillefoannûmer 06-14119780.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo ek kontakt opnimme mei de hear J. Kuipers fan de gemeente Littenseradiel, berikber fia tillefoannûmer (0515) 334493.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Skillaerderdyk Mantgum'.