Stremming Skoallestrjitte, Easterein (20-04-2017)

Dit item is verlopen op 02-05-2017.
ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

De Skoallestrjitte yn Easterein (fan de Vrijburg ôf oant de Koaifinne) is stremd foar alle ferkear fan moandei 24 april oant en mei moandei 1 maaie 2017 yn ferbân mei werstraatwurksumheden.

Omlieding

Der wurdt gjin omliedingsrûte ynsteld, om’t it gjin rûte foar trochgeand ferkear is.

Data ûnder foarbehâld

De wurksumheden binne waargefoelich. It wurk kin dêrom earder of letter klear wêze.

Mear ynformaasje

Oangrinzjende bewenners wurde neier ynformearre oer de wurksumheden troch oannimmersbedriuw Nota Straatmakers B.V Sneek. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear S. Meijers, berilber op tillefoannûmer (0515) 489341.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Skoallestrjitte, Easterein'.