Stremming Van Aylvaleane/Hilaarderdyk Hilaard-Jellum(17-02-2017)

ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

De Van Aylvaleane/Hilaarderdyk (Hilaard oant Jellum) is stremd foar alle ferkear fan moandei 27 febrewaris oant en mei freed 17 maart 2017, op wurkdagen tusken 7.00 en 16.30 oere, yn ferbân mei it oanbringen fan bermferhurding. De wurksumheden binne waargefoelich, dêrom kin it wurk earder of letter klear wêze.

Omlieding

De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. De oan it wurk grinzjende wenningen binne ûnder de wurksumheden berikber foar helptsjinsten. De bewenners wurde neier ynformearre oer de berikberheid.

Kontakt

De wurksumheden wurde útfierd troch Schagen Infra bv út Hasselt yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel. Foar de deistige gong fan saken kinne jo kontakt opnimme mei de útfierder fan it wurk, de hear D. Eefting; berikber fia tillefoanûmer 06 – 10 13 26 24.

Mear ynformaasje

Jo kinne foar mear ynformaasje kontakt opnimme mei de hear S. Fluitman; berikber fia tillefoannûmer 14 0515.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Van Aylvaleane/Hilaarderdyk Hilaard-Jellum'.