Stremming Van Sminialeane/Van Eysingaleane (Wommels-Easterein) (11-08-2017)

ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

De dyk tusken Wommels en Easterein is ôfsletten foar alle ferkear fan moandei 28 augustus oant en mei freed 8 septimber yn ferbân mei grutskalich asfaltûnderhâld.

Data ûnder foarbehâld

De wurksumheden binne waargefoelich, dêrom kin it wurk earder, mar ek letter klear wêze.

Berikberheid

De omlieding wurdt mei buorden oanjûn. Fytsers en fuotgongers kinne passearje fia it frijlizzende fytspaad.

Fragen?

De wurksumheden wurde yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel útfierd troch Schagen Infra BV út Hasselt. Hawwe jo fragen oer it wurk of wolle jo mear ynformaasje? Dan kinne jo skilje mei de útfierder fan it wurk, de hear Dennis Eefting fan Schagen Infra BV fia tillefoannûmer 06–10132624. Jo kinne ek kontakt opnimme mei de hearen Sjirk Fluitman of Sybe van der Meer fan de gemeente Súdwest-Fryslân fia tillefoannûmer 14 0515.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Van Sminialeane/Van Eysingaleane (Wommels-Easterein)'.