Stremming Waaksenserweg/Toarnwerterleane (09-06-2017)

ferkearsboerd "Werk in uitvoering"

De Waaksenserweg/Toarnwerterleane tusken Lollum en Waaksens is stremd fan tongersdei 22 juny oant en mei 7 july 2017 yn ferbân mei asfaltwurksumheden.

Data ûnder foarbehâld

De wurksumheden binne waargefoelich, dêrom kin it wurk earder, mar ek letter klear wêze.

Kontakt

De wurksumheden wurde yn opdracht fan de gemeente Littenseradiel útfierd troch Schagen Infra bv út Hasselt. Hawwe jo fragen oer it wurk of wolle jo mear ynformaasje? Dan kinne jo skilje mei de hear D. Eefting fan Schagen Infra BV fia tillefoannûmer 06–10132624.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear S. Fluitman of de hear S. van der Meer, berikber op tillefoannûmer 14 0515.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Stremming Waaksenserweg/Toarnwerterleane'.