Temjittekomming kosten learlingeferfier 2017-2018 (20-04-2017)

Alle jierren wurde ein april de oanfraachformulieren ferstjoerd foar de temjittekomming yn de kosten fan it learlingeferfier nei de spesjale skoallen foar basisûnderwiis en it (fuortset) spesjaal ûnderwiis ferstjoerd nei de âlden fan learlingen dy’t al gebrûk meitsje fan dizze regeling.

No oanfreegje!

Sil jo bern mei yngong fan takomme skoaljier (2017-2018) nei in spesjale skoalle foar basisûnderwiis of nei it (fuortset) spesjaal ûnderwiis, en jo wolle gebrûk meitsje fan dizze regeling, nim dan sa gau as mooglik kontakt op mei de gemeente Littenseradiel. Ek as it noch net hielendal wis is oft jo bern nei in spesjale skoalle foar basisûnderwiis of nei it (fuortset) spesjaal ûnderwiis gean sil, graach kontakt opnimme. Der kin dan alfêst rekkenskip holden wurde mei jo bern, en dat is sûnder mis in foardiel by it plannen fan de taksybusritten.

Oanfraach troch âlden/fersoargers

En, om misferstannen foar te kommen: de oanfraach moat troch de âlden/fersoargers yntsjinne wurde, de skoalle regelet it learlingeferfier net!

Mear ynformaasje

Foar ynformaasje oer learlingeferfier kinne jo terjochte by de hear J.A. Bakker fan de Stêfôfdieling, tillefoan: (0515) 334431 (moandei oant en mei tongersdei) of fia e-mail: j.bakker@littenseradiel.nl of info@littenseradiel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Temjittekomming kosten learlingeferfier 2017-2018'.