Tige slagge middei foar mantelsoargers (13-11-2017)

Op sneontemiddei 11 novimber wie der yn It Trochpaad yn Wommels wer in middei foar mantelsoargers yn ús gemeente. Gemeente Littenseradiel organisearre dizze middei om de mantelsoargers yn ús gemeente yn it sintsje te setten.

Dûbeld karakter

De middei hie in dûbeld karakter. Oan de iene kant it moetsjen fan oare mantelsoargers ûnder it genot fan lekker iten en drinken en live muzyk. Oan de oare kant wie der in ynformaasjemerk mei kreamkes fan organisaasjes dy’t in protte foar mantelsoargers betsjutte kinne. Ek ferskate partijen út de weryndielingsgemeenten Súdwest-Fryslân, Ljouwert en Waadhoeke wienen dizze middei oanwêzich om ynformaasje te jaan.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Tige slagge middei foar mantelsoargers'.