Tink derom: mislieding troch ‘asfaltferkeapers’ (09-11-2017)

ferkearsboerd "let op"

As in oannimmer asfaltearringswurksumheden foar de gemeente útfiert, bart it dat dizze oannimmer de oanwenjenden in saaklik foarstel docht om de eigen oprit gelyk mei te asfaltearjen, sadat dizze moai oanslút op de nij asfaltearre dyk. Meastentiids is dit oanbod bêst genôch.

Klachten

De ôfrûne wiken hawwe wy spitigernôch klachten hân fan ynwenners dy’t in foarstel ta it oanbringen fan asfalt op harren eigen oprit krigen hawwe fan in oare ûndernimmer as de gemeentlike asfalt-oannimmer, wylst sy tochten dat sy yn see gongen mei itselde bedriuw as weêrmei de gemeente gearwurket. Spitigernôch die it efterôf bliken dat it om in oare oannimmer gie dy’t goedkeap wurk levere en dêrnei mei de noardersinne ferdwûn. Spitich foar de ynwenner, mar ek spitich foar de oannimmer fan it gemeentlike projekt. Dizze krijt hjirtroch ûnterjochte in minne namme.

Wêz alert!

Wurde/binne ji beneikommen troch ferkeapers/oanbieders fan asfaltearringswurk? Wêz dan alert en gean nei oft it yndied in besteand/betrouber bedriuw is. Skilje yn gefal fan twifel de gemeente fia 140515.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Tink derom: mislieding troch ‘asfaltferkeapers’'.