Toeristebelesting gemeente Súdwest-Fryslân (04-10-2017)

logo Súdwest-Fryslân

Wenje jo fan 1 jannewaris 2018 ôf yn de gemeente Súdwest-Fryslân en biede jo tsjin in fergoeding ferbliuw oan? Hâld der dan rekkenskip mei dat de gemeente Súdwest-Fryslân toeristebelesting heft.

Wannear betelje jo toeristebelesting?

Jo moatte toeristebelesting betelje as jo tsjin fergoeding ferbliuw oanbiede, bygelyks as jo in Bed & Breakfast of lisplakken hawwe. Jo mei de belesting yn rekkening bringe by jo gasten. Foar ynwenners fan Súdwest-Fryslân en bern jonger as fjouwer jier betelje jo gjin toeristebelesting.

Wêrom toeristebelesting?

Toeristen meitsje gebrûk fan de diken, fyts- en kuierpaden, oanlisplakken en kades yn de gemeente. De oanlis en it ûnderhâld hjirfan kostet de gemeente in protte jild. De gemeente heft dêrom toeristebelesting, sadat toeristen ek meibetelje oan dizze kosten.

Binne jo nij as belestingplichtige?

Dan moatte jo jo earst oanmelde by de gemeente Súdwest-Fryslân. Dit kin online fia www.sudwestfryslan.nl/toeristenbelasting. Jo krije alle jierren in útnûging om oanjefte te dwaan. Nei jo oanjefte kinne jo de belesting gelyk betelje.

Hichte toeristebelesting

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân is it taryf € 1,25 de persoan de nacht. Foar it ferbliuw op it wetter is € 1,25 deis ferskuldige. Foar fêste stean- en lisplakken jildt in fêst bedrach yn it jier.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje oer toeristebelesting op www.sudwestfryslan.nl/toeristenbelasting.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Toeristebelesting gemeente Súdwest-Fryslân'.