Trening foar begelieders fan jonge autoriders (02-08-2017)

logo SBV

17-jierrigen meie nei it beheljen fan harren rydbewiis ûnder begelieding fan in coach de dyk op. Binne jo of wurde jo coach fan jo 17-jierrige soan of dochter? Dan binne jo fan herte wolkom op de SVB-trening Coach2toDrive op woansdei 27 septimber 2017.

Coach2toDrive

Begjinnende bestjoerders meie oant harren 18e jierdei ûnder begelieding fan in coach de dyk op. By Coach 2toDrive komt jo rol as coach oan bod. De trening behannelet de nijste ferkearsregels, remoefeningen op de slipbaan en der is in praktykrit mei in rydynstrukteur wêrby’t de klam leit op jo coaching-feardigens.

Wêr en wannear?

De trening wurdt jûn by it Verkeerseducatie Centrum yn Drachten (De Knobben 100) op woansdei 27 septimber 2017 fan 19.00 oere oant 22.15 oere.

Oanmelde

Oanmelde kin fia (0512) 543476 of info@stichtingsbv.nl. De kosten binne € 5,00 de kursist.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Trening foar begelieders fan jonge autoriders'.