Utnûging bûtengewoane riedsgearkomste 11 desimber (27-11-2017)

Dit item is verlopen op 12-12-2017.

Op moandei 11 desimber komt de gemeenteried fan Littenseradiel foar de alderlêste kear byinoar. Jo binne fan herte wolkom om hjirby oanwêzich te wêzen.

Wurklist

Op de wurklist fan dizze alderlêste riedsgearkomste steane mar twa punten, nammentlik de ferslaggen fan de riedsgearkomsten fan 13 novimber en 4 desimber én it offisjele ôfskied fan de ried. Nei it offisjele part is der noch tiid om yn in ynformele sfear ôfskied te nimmen fan de riedsleden.

Nederlânske oersetting

Nederlanske oersetting fan 'Utnûging bûtengewoane riedsgearkomste 11 desimber'.