Utnûging gearkomste Weryndielingskommisje 12 oktober (04-10-2017)

Dit item is verlopen op 13-10-2017.
logo gemeente Waadhoeke

De mienskiplike Weryndielingskommisje fan de gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Littenseradiel en Menameradiel komt gear op tongersdei 12 oktober om 19.30 oere yn it gemeentehûs yn Sint Anne.

Wurklist

  1. Iepening / fêststellen wurklist
  2. Ferslach gearkomste 15 juny 2017
  3. Ynkommen stikken - gjin
  4. Ynformaasjefoarsjenning Stjoergroep
  5. Model en ynhâld programmabegrutting Waadhoeke
  6. Treasurystatuut Waadhoeke
  7. Kredyt ICT Waadhoeke
  8. Gearkomstesystematyk ried Waadhoeke
  9. Omfreegjen
  10. Sluting

Wat docht de Weryndielingskommisje?

Troch de fjouwer gemeenterieden is in mienskiplike Weryndielingkommisje ynsteld. De Weryndielingskommisje hat de funksje om de mieningfoarming oer ûnderwerpen dy’t gean oer de weryndieling sintraal plakfine te litten. De beslútfoarming fynt dêrnei plak yn de ôfsûnderlike gemeenterieden.

Op besjen

De stikken foar de gearkomste fan de Weryndielingskommisje lizze op besjen yn de gemeentehûzen fan Franekeradeel, Het Bildt, Littenseradiel en Menameradiel.

Sprekrjocht

De gearkomste fan de Weryndielingskommisje is in iepenbiere gearkomste. Jo kinne dêrby oanwêzich wêze. De Weryndielingskommisje kent ek sprekrjocht oer in ûnderwerp op de wurklist. As jo gebrûk meitsje wolle fan it sprekrjocht, dan moatte jo dit oant 48 oeren foar de gearkomste melde by de riedsgriffier fan de gemeente Franekeradeel, de hear T. Lyklema, tillefoan (0517) 380310, e-mail t.lyklema@franekeradeel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Utnûging gearkomste Weryndielingskommisje 12 oktober'.