Utnûging priisútrikking Rely Jorritsma en Junior Rely (12-09-2017)

Dit item is verlopen op 01-10-2017.
Rely Jorritsma

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns nûget jo út foar de priisútrikking fan de Rely Jorritsmaprizen én de Junior Relyprizen op sneon 30 septimber om 14.30 oere yn it doarpshûs fan Weidum (Bornialeane 1). It wurdt op ‘e nij in ferrassende multimediale middei!

Priiswinners Rely

De bekroande fersen binne fan:

  • Anny de Vries, Easternijtsjerk
  • Arjan Hut, Ljouwert
  • Edwin de Groot, Aldehaske
  • André Looijenga, Grins
  • Erik Betten, Dronryp.

De bekroande ferhalen fan:

  • Geert Nauta, Wergea
  • Trevor Scarse, Grins
  • Lida Dykstra, De Knipe
  • Geart Tigchelaar, Ljouwert
  • Lomme Schokker, Hillegom.

Priiswinners Junior Rely

De bekroande fersen yn de Junior Rely (foar bern fan 12-18 jier) binne fan:

  • Line Hut, Ljouwert
  • Marije Rijpma, Itens

De bekroande ferhalen fan:

  • Yael Pieterson, Drachten
  • Idwerd de Graaf, Ljouwert
  • Mike van der Veen, Sint Anne

ENSAFH

Al it winnende wurk fan de Rely Jorritsma Fûns-priisfraach én fan de Junior Rely ferskynt yn in spesjale Rely-útjefte fan it tiidskrift ‘ENSAFH’. Ek it sjueryferslach stiet yn dat nûmer. ENSAFH is nei de priisútrikking (ûnder oaren) te keap yn it doarpshûs.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Utnûging priisútrikking Rely Jorritsma en Junior Rely'.