Utnûging riedsgearkomste 27 febrewaris (16-02-2017)

Dit item is verlopen op 28-02-2017.

De gemeenteried komt op moandei 27 febrewaris 2017 om 19.30 oere by-inoar foar in mienings- en beslútfoarmjende riedsgearkomste yn it gemeentehûs yn Wommels. Jo binne fan herte wolkom.

Wurklist

Op de wurklist steane de folgjende punten:

  • Wenningbou It Mêd, Hilaard
  • Reserve diken
  • Oardering bydrageregeling minima 2017
  • Oardering tsjinprestaasje Partisipaasjewet Littenseradiel 2017
  • Beneamen advyskommisje Hûs en Hiem
  • Wiziging Mienskiplike Regeling FUMO
  • Begruttingswizigings jannewaris 2017
  • Beneamen lid wurkjouwerskommisje griffy Waadhoeke

De stikken by dizze punten kinne jo fine fia ûndersteande linken.

Sprekrjocht

Jo meie oan it begjin fan de riedsgearkomste maksimaal fiif minuten it wurd fiere oer in ûnderwerp dat net op de wurklist stiet. Om gebrûk te meitsjen fan it sprekrjocht, moatte jo jo yn it foar melde by de griffier, mefrou F. Hijlkema. Dat kin tillefoanysk fia (0515) 334438 of fia e-mail fia griffie@littenseradiel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Utnûging riedsgearkomste 27 febrewaris'.