Utnûging riedsgearkomste 29 maaie (16-05-2017)

De gemeenteried komt op moandei 29 maaie 2017 om 20.30 oere by-inoar foar in mienings- en beslútfoarmjende riedsgearkomste yn it gemeentehûs yn Wommels. Jo binne fan herte wolkom.

Wurklist

Op de wurklist steane de folgjende punten:

  • Bestimmingsplan Fûns 6 en 8, Jorwert
  • Foarstel iepenbiere ferljochting Iens
  • Jierrekken en begrutting Veiligheidsregio Fryslân
  • Beneaming lid wurkjouwerskommisje Griffy
  • Beneaming lid kommisje funksjonearringspetear boargemaster en ried
  • Begruttingswizigings maart 2017
  • Earste tuskenrapportaazje

De stikken by dizze punten kinne jo fine fia ûndersteande linken.

Sprekrjocht

Jo meie oan it begjin fan de riedsgearkomste maksimaal fiif minuten it wurd fiere oer in ûnderwerp dat net op de wurklist stiet. Om gebrûk te meitsjen fan it sprekrjocht, moatte jo jo yn it foar melde by de griffier, mefrou F. Hijlkema. Dat kin tillefoanysk fia (0515) 334438 of fia e-mail fia griffie@littenseradiel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Utnûging riedsgearkomste 29 maaie'.