Wat docht Omrin mei plestik ôffal? (13-11-2017)

logo Omrin

Yn Fryslân en fier dêrbûten, it wurkgebiet fan Omrin, wurde plestik ferpakkings net apart ynsammele. Dat is oars as yn it grutste part fan Nederlân en ropt dêrom in protte fragen op. Wêrom meie wy plestik gewoan yn de Sortibak smite? En dogge wy it yn it ramt fan ôffalskieding dêrtroch net folle minder as yn de rest fan ús lân?

Koprinner fan Nederlân

Om mei dat lêste te begjinnen: Nee. Sterker noch, wy dogge it hjir in stik better. It geheim is de skiedings- en bewurkingsynstallaasje fan Omrin op Ecopark De Wierde op It Hearrenfean. Fia de neiskiedingsmetoade fan Omrin waard yn 2015 14,8 kg de ynwenner út it ôffal helle, wylst dat yn gemeenten dêr’t keunststof apart ynsammele wurdt, trochinoar 7 kg de ynwenner wie (foarlopich sifer). Wy binne hjiryn koprinner fan Nederlân; der wurdt nearne safolle keunststof op ‘e nij brûkt as yn Fryslân en fier dêrbûten.

Ambysjes wiermeitsje

Lanlik leit it persintaazje wergebrûk fan húshâldlik smoargens op sa’n 50%. Yn ús provinsje wurdt mar leafst 70% fan it húshâldlik ôffal geskikt makke foar wergebrûk. De bewenners hâld sels al in grut persintaazje apart (papier, glês, tekstyl, gft-ôffal, miljeustrjitte). Troch neiskieden wurdt dat persintaazje noch fierder ferhege. Omrin is hjir grutsk op, mar bliuwt ambisjeus en stribbet nei 75% ‘recycling’ yn 2020. Dat is te heljen, mar betsjut wol dat wy mei ús allen noch better ús bêst dwaan moatte.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wat docht Omrin mei plestik ôffal?'.