Wat dogge jo op ‘Burendag’? (10-08-2017)

Dit item is verlopen op 02-09-2017.
logo burendag

Op sneon 23 septimber is wer de nasjonale ‘Burendag’; in inisjatyf fan Douwe Egberts en it Oranje Fonds. ‘Burendag is in dei wêrop buorlju gesellich by-inoar komme en wat goeds dogge foar-inoar en foar de buert. Buerten wurde leuker, sosjaler en feiliger as buorlju inoar moetsje en harren mei-inoar ynsette foar de buert.

Aktiviteiten ‘Burendag’

Op ‘Burendag’ fiere buorlju oeral yn Nederlân harren goede ideeën út, fan buertbrochjes oant seiskampen en skjinmak-aksjes, mooglik mei in bydrage fan heechút € 400,00 fan it Oranje Fonds.

Subsydzje oanfreegje

It Oranje Fûns stipet sosjale inisjativen en befoarderet sa kontakt en ferbining tusken groepen minsken. Dêrom is it foar buertorganisaasjes mooglik om in oanfraach oant € 400,00 yn te tsjinjen by it Oranje Fonds om harren plan foar ‘Burendag’ útfiere te kinnen. Ek as jo ‘Burendag’ op 22 of 24 septimber fiere, kinne jo subsydzje oanfreegje. Tink der om: dizze oanfraach moat fóár 1 septimber 2017 yntsjinne wêze!

Mear ynformaasje

Sjoch foar de betingsten en mear ynformaasje op www.burendag.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wat dogge jo op ‘Burendag’?'.