Wat hat de ried bepraat en besluten op 29 maaie 2017? (07-06-2017)

Dit item is verlopen op 20-06-2017.

De gemeenteried fan Littenseradiel hat op moandei 29 maaie 2017 byinoar west foar in rûntepetear en in mienings- en beslútfoarmjende gearkomste.

Rûntepetear: belestingferoarderingen gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân

Earst wie der in ekstra rûntepetear oer de belestingferoarderingen fan de gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân. Ynsprekkers wiene LTO Littenseradiel (foar beide agindapunten), Nij Baarderadeel (foar gemeente Leeuwarden) en Undernimmersferiening Wommels-Easterein (foar Súdwest-Fryslân). Foar beide gemeenten geane de tarieven foar net-wenten omheech. Foar Ljouwert is de ferheging neffens LTO wol 160%. LTO pleitet derfoar om foar alle bedriuwen in kompinsaasjesregeling yn te fieren, en net foar in part. Nij Baarderadeel pleitet foar in langere oergongsperioade. Undernimmersferiening Wommels-Easterein pleitet foar Súdwest-Fryslân ek foar in langere oergongsperioade en fynt dêrneist de forinsebelesting fierstente heech. Dêrnei giet de gearkomste oer yn in mieningsfoarmjende gearkomste. Ek it punt fan it boppeneamde rûntepetear giet fuortdaliks troch nei de mieningsfoarmjende en de beslútfoarmjende gearkomste.

Foarstel iepenbiere ferljochting Iens

De ried beslút dat it bedrach dat reservearre is foar de lytse brêge brûkt wurde kin foar it ferfangen fan de strjitteferljochting yn Iens.

Ferskate punten op de wurklist

De jierrekken 2016 en begrutting 2018 fan de Veiligheidsregio Fryslân wurdt foar kundskip oannommen en it negatyf resultaat wurdt út de ienmalige middels (net foarsjoen) helle. De ried beslút ek om de begruttingswiziging maart 2017 fêst te stellen. It bestimmingsplan foar Fûns 6 en 8 wurdt wizige fêstêld. Trochdat riedslid Van der Werf (FNP) fuort gien is, binne der fakatueres foar in lid fan de wurkjouwerskommisje fan de griffy en foar de kommisje funksjonearingspetear boargemaster en ried. De ried beslút foar beide fakatueres mefrou Roorda (FNP) te beneamen.

Belestingferoarderingen gemeenten Leeuwarden en Súdwest-Fryslân

Nei de ynspraak yn it rûntepetear freget de ried oan de gemeentebestjoeren fan Leeuwarden en Súdwest-Fryslân om de oergongstermyn foar de harmonisaasje (it lyklûken) fan de terminen net ien, mar trije jier wêze te litten. Oan Leeuwarden wurdt boppedat frege om lykas Súdwest-Fryslân de kompinsaasje automatysk ta te passen en net inkeld op oanfraach.

Folgjende gearkomste

Op moandei 26 juny 2017 komt de gemeenteried wer byinoar foar in rûntepetear.

Weromsjen?

Jo kinne de behanneling fan dizze punten werom sjen fia webcasting op de webside. Klik rjochts op 'de ried live'. Weromsjen fan eardere rûntepetearen en riedsgearkomsten kin ek. Jo kinne online de gearkomsten fan de ried ek streekrjocht folgje.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje oer rûntepetearen, riedsgearkomsten en wurklisten kinne jo op dizze webside sjen ûnder Bestjoer en Organisaasje, en dan Gemeentebestjoer. Jo kinne fansels ek terjochte by de griffier, mefrou Fimke Hijlkema, griffie@littenseradiel.nl of tillefoan (0515) 334438.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wat hat de ried bepraat en besluten op 29 maaie 2017?'.