Wat hat de ried bepraat yn it rûntepetear fan 3 july 2017? (11-07-2017)

Dit item is verlopen op 31-07-2017.

De gemeenteried fan Littenseradiel hat op moandei 3 july 2017 byinoar west foar in rûntepetear.

Notysje minifergisters yn bestimmingsplan ‘Bûtengebiet’

Nei oanlieding fan in amendemint fan it CDA (yntsjinne yn de riedsgearkomste fan 26 septimber 2015) is in notysje makke. Yn de notysje wurdt yngien op de mooglikheid om meardere agraryske bedriuwen gebrûk meitsje te litten fan ien minifergister. De hear Schaaf fan LTO jout oan dat sy bliid binne mei de notysje sa’t dy der no leit. LTO seit wol dat se graach hjir en dêr mear romte hawwe wollen hiene. De notysje wurdt tastjoerd nei de nije gemeenten.

Feroardering yndividuele ynkommenstaslach Partisipaasjewet 2017

Op 10 april is in foarstel foar oanpassing fan de feroardering individuele ynkommenstaslach Partisipaasjewet 2017 behannele. De ried hat doe frege om in neiere ûnderbouwing fan de regels. It foarstel is yn oerlis mei de Cliëntenraad WWB opsteld. Sy jouwe oan dat sjoen is oft de taslach foar alle taslaggen ferhege wurde koe, mar dat is net mooglik. Dêrnei is sjoen nei de Yndviduele Ynkommens Taslach foar allinnichsteanden en allinnichsteanden mei bern. Dy wurdt in bytsje ferhege. It giet om in ienmalige taslach foar de oanskaf fan duorsum gebrûksguod, lykas in waskmasine. De regeling giet net earder yn as dat de ried akkoart is mei it foarstel.

Mienskiplike Regeling Sosjaal Domein 2018

De Fryske gemeenten wurkje gear yn it sosjaal domein. De gemeente Leeuwarden docht foar de Fryske gemeenten de útfiering en ynkeap fan in tal taken yn it sosjaal domein. Dat leveret efficiencywinst op. Om’t de ynkeap fan 2018 no dien wurde moat, moat Littenseradiel noch wol meidwaan oan dizze Mienskiplike Regeling.

Jierstikken 2016

De jierstikken binne foar de ried in ynstrumint om de planning en controle en dêrmei it politike proses te fieren. De jierstikken besteane krekt lykas de begrutting út 10 programma’s en 7 paragrafen. De ried stelt fragen oer it sosjaal domein, kultuer, sport en rekreaasje, romtlike ûntwikkeling en folkhúsfesting, natuer en miljeu, ferkear en ferfier, ekonomyske struktuer en bestjoer. It kolleezje seit ta om te sjen nei it punt dat yn guon gefallen meardere bedriuwen ferantwurdlik binne foar it ûnderhâld fan de bermen. Der sit somtiden in oerlap yn, somtiden wurdt der wat net dien. De jierstikken litten in oerskot sjen fan 1,6 miljoen euro. Dat komt foaral troch ôfrekkens  yn it sosjaal domein dy’t geane oer 2015 yn 2016 as ynkomst ferantwurde binne.

Oare punten op de wurklist

Fierder praatte de ried ek oer de begruttingswizigingen fan april 2016. Dy geane oer útfieringskosten yn it sosjaal domein en it feit dat der ek yn 2017 Himmelsjeks binne. De ried hie it ek oer it baggerjen fan it binnenstedelijk wetter yn Mantgum. De Mantgumerfeart wurdt troch it Wetterskip baggere, it binnenwetter yn Mantgum wurdt no op 1.40 m baggere en de wâlskanten op 1.20 m.

Folgjende gearkomste

Op moandei 10 july is de ried wer byinoar west foar in mienings- en beslútfoarmjende riedsgearkomste. Alle hjir boppe neamde foarstellen steane dan op de wurklist. It earstfoljgende rûntepetear is op moandei 11 septimber 2017, nei it simmerreses.

Weromsjen?

Jo kinne de behanneling fan dizze punten werom sjen fia webcasting op de webside. Klik rjochts op 'de ried live'. Weromsjen fan eardere rûntepetearen en riedsgearkomsten kin ek. Jo kinne hjir de gearkomsten fan de ried ek streekrjocht folgje.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje oer rûntepetearen, riedsgearkomsten en wurklisten kinne jo op dizze webside sjen ûnder Bestjoer en Organisaasje, en dan Gemeentebestjoer. Jo kinne fansels ek terjochte by de griffier, mefrou Fimke Hijlkema, griffie@littenseradiel.nl of tillefoan (0515) 334438.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wat hat de ried bepraat yn it rûntepetear fan 3 july 2017?'.