Weryndieling: gemeentlike belestingen yn 2018 (17-05-2017)

De tariedings foar de gemeentlike weryndieling binne yn ‘e folle foarsje. Ien fan de ûnderwerpen is de saneamde belestingharmonisaasje. It harmonisearjen fan belestingen hâldt yn dat ferskillen yn heffingen en tariven yn in gemeente fuorthelle wurde. Foar jo as ynwenner of ûndernimmer komt der in nije situaasje foar lokale heffingen, mei foar in part oare belestingsoarten en oare tariven.

Belestingferoarderingen

Fan 1 jannewaris ôf hâldt de gemeente Littenseradiel op fan bestean en geane de doarpen oer nei de besteande gemeenten Súdwest-Fryslân en Leeuwarden en nei de nije gemeente Waadhoeke (Frentsjeradiel, het Bildt en Menameradiel). De tariven en belestingen steane yn de belestingferoarderingen. De nije gemeente Waadhoeke en de besteande gemeenten Súdwest-Fryslân en Leeuwarden stelle de belestingferoarderingen fêst.

Belestingen gemeente Waadhoeke

Wenje jo yn Baaium, Spannum, Winsum of Wjelsryp? Dan heart jo doarp fan 1 jannewaris ôf by de nije gemeente Waadhoeke. Hoe’t it sit mei de belestingen yn dy gemeente, wurdt nei de simmer bekend.

Belestingen gemeente Súdwest-Fryslân

Wenje jo yn Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Reahûs, Rien, Waaksens, Wiuwert of Wommels? Dan heart jo doarp fan 1 jannewaris ôf by de gemeente Súdwest Fryslân.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân stelde tiisdei 9 maaie de útgongspunten foar de belestingharmonisaasje fêst, dy’t dêrnei foarlein wurde oan de kommisje Bestjoer & Finânsjes op 1 juny en de gearkomste fan de gemeenteried fan 15 juny.

Utgongspunt

Súdwest-Fryslân wol it foarsjenningenivo foar it folsleine gebiet, ynklusyf de 15 doarpen fan Littenseradiel dy’t nei Súdwest-Fryslân geane, op peil hâlde. Dêrom binne de besteande belestingsoarten, de tariven, belestingdruk en frijstellings fan de gemeente Súdwest-Fryslân it útgongspunt.

Belastingsoarten

Súdwest-Fryslân hat krekt as de gemeente Litteneradiel de ôffalstoffeheffing, rioelheffing en Unreplik-guodbelesting (OZB). De tariven binne net gelyk. De rioelheffing is yn Súdwest-Frysl§an bygelyks ferdield oer eigners en gebrûkers. Súdwest-Fryslân hat ek forinsebelesting. De tariven fan forinsebelesting binne leger as yn Littenseradiel.

Wat betsjut dat foar ynwenners?

Húshâldens mei in eigen wenning hawwe aanst te krijen mei in lytse ferheging fan de lêsten. Foar hierders jildt dat de tariven leger wurde. Dat komt net daliks troch de OZB, mar troch de rioelheffing foar hûseigners en de ôffalstoffeheffing.

Belestingdruk ûndernimmers

Eigners fan bedriuwspannen (de saneamde net-wenten) sille mear betelje. De OZB-tariven foar net-wenten binne yn Súdwest Fryslân heger as yn Littenseradiel. Om oan de ferheging yn de mjitte te kommen, stelt it kolleezje fan b. en w. foar om in kompinsaasjeregeling yn te fieren foar ien jier. As de OZB mear as 40% omheech giet, wurdt it part boppe dat persintaazje kompenseard. Ek krije eigners fan bedriuwspannen te meitsjen mei it ûndernimmersfûns Súdwest-Fryslân. Dat fûns besteit sûnt 2016 en wurdt bekostige troch in opslach op it taryf fan de OZB. Dy opslach is foar eigners 0,033% fan de WOZ-wearde en foar gebrûkers 0,027% fan de WOZ-wearde. De kompinsaasjeregeling is net fan tapassing op dat part. It ûndernimmersfûns hanteart in retribúsjeregeling foar agraryske bedriuwen en ûndernimmers dy’t yn in gebiet wenje dêr’t gjin gebrûk makke wurdt fan it fûns.

Hoe fierder?

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân bepraat de útgongspunten foar de belestingharmonisaasje op tongersdei 1 juny yn de kommisje Bestjoer & Finânsjes en yn de gemeenteried op tongersdei 15 juny. Oan de hân fan de útgongspunten en de reaksje fan de gemeenteried wurde de belestingferoarderingen en de begrutting fan 2018 tared. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân stelt dy yn novimber fêst. De nije gemeenteried bekrêftigt de belestingferoarderingen nochris yn jannewaris 2018. Yn it earste kwartaal fan 2018 krije jo in oanslach foar de gemeentlike heffingen.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje, it foarstel foar belestingharmonisaasje en de kompinsaasjeregeling en de mooglikheden foar ynsprekken op www.sudwestfryslan.nl/bestuur. Fia sudwest-fryslan.lokalelastenmeter.nl kinne jo op basis fan de belestingferoarderingen en  tariven van no berekkenje wat jo yn de gemeente Súdwest-Fryslân betelje sille oan gemeentlike belestingen.

Belestingen yn de gemeente Leeuwarden

Wenje jo yn Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum of Weidum? Dan heart jo doarp fan 1 jannewaris 2018 ôf by de gemeente Leeuwarden.

It kolleezje fan boargemaster en wethouders (b. en w.) fan de gemeente Leeuwarden stelde tiisdei 16 maaie 2018 de útgongspunten foar de belestingharmonisaasje f§est en freget de gemeenteried oft hy syn miening dêroer jaan wol (saneamde winsken en betinkingen).

Utgongspunten

Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 binnen der yn it folsleine grûngebiet fan de gemeente Leeuwarden deselde (unifoarme) belestingferoarderingen. En de belestingsoarten, de totale belestingdruk, de belestingopbringsten en tariven van de hjoeddeiske gemeente Leeuwarden bliuwe sa folle as mooglik gelyk nei de weryndieling.

Belestingsoarten

Krekt as yn de oare gemeenten hat de gemeente Leeuwarden de ôffalstoffeheffing, rioelheffing en Unreplikguodbelesting (OZB). Mar de tariven binne oars. Sa is de rioelheffing yn Leeuwarden ferdield oer de eigners en gebrûkers. It eignerpart is ôfhinklik fan de WOZ-wearde en it gebrûkerspart fan de gearstalling fan de húshâlding. De gemeente Leeuwarden hat gjin forinsebelesting, wol hûnebelêsting foar hûnebesitters binnen de beboude kom.

Wat betsjut dat foar ynwenners?

De hierders yn Littenseradiel betelje nei de weryndieling minder. De húshâldens mei in eigen wente betelje aanst mear. Dat komt net yn dy mjitte troch de OZB, mar troch de rioelheffing foar hûseigners en de ôffalstoffeheffing.

Belestingdruk ûndernimmers

De eigners út Littenseradiel fan bedriuwspannen betelje aanst mear. Ek de gebrûkers fan bedriuwspannen betelje mear en dan foaral gebrûkers mei in grut wetterferbrûk. Undernimmers betelje dêrneist 5,55 fan de OZB foar it Ondernemersfonds (ûndernimmersfûns).

As temjittekomming oan de ûndernimmers, wol it kolleezje fan b. en w. in kompinsaasjeregeling foar ien jier útwurkje. Bedriuwen wêrfan’t it heger wurden fan de belestingdruk yn 2018 grutter is as € 500,- kinne 50% werom krije fan de gemeente.

Hoe fierder?

De gemeenteried fan Leeuwarden bepraat de útgongspunten foar de belestingharmonisaasje op moandei 26 juny yn it Forum fan it Politiek Podium. Jo kinne jo dêrfoar oanmelde as ynsprekker of meiprater. Oan de hân fan de útgongspunten en de reaksje fan de gemeenteried fan Leeuwarden, riedt de gemeente Leeuwarden de belestingferoarderingen (en de begrutting) fan 2018 ta. De gemeenteried fan Leeuwarden stelt dy yn novimber fêst. De nije ried fan Leeuwarden bekrêftigt de belestingferoarderingen nochris yn jannewaris 2018. Yn it earste kwartaal fan 2018 krije jo de oanslach foar de gemeentlike heffingen.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje, it foarstel foar belestingharmonisaasje en de mooglikheden foar ynsprekken op www.leeuwarden.nl. Fia leeuwarden.lokalelastenmeter.nl kinne jo op basis fan de belestingferoarderingen en tariven fan no berekkenje wat jo yn de gemeente Leeuwarden betelje oan gemeentlike belestingen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Weryndieling: gemeentlike belestingen yn 2018'.