Wetsûntwerp weryndieling troch Twadde Keamer (16-02-2017)

Dit item is verlopen op 03-03-2017.

Woansdei 8 febrewaris is it wetsûntwerp foar de weryndieling fan het Bildt, Franekeradeel, Ljouwert, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân behannele yn de Twadde Keamer. Sa as ferwachte is de behanneling fan de wet goed ferrûn. Tiisdei 14 febrewaris waard stimd en it foarstel oannommen.

Ien wetsûntwerp foar trije weryndielingen

It wetsûntwerp wat op de wurklist stie, gong oer de weryndielingen dy’t yn noardwest Fryslân plakfine; in fúzje foar de nije gemeente Waadhoeke en de tafoegingen fan Leeuwarderadeel en dielen fan Littenseradiel oan de besteande gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

Fragen oer wetsûntwerp

Minister fan Binnenlânske Saken Ronald Plasterk lei by de behanneling op woansdei 8 febrewaris de klam op it bysûndere karakter fan de weryndieling yn noardwest Fryslân: de opsplitsing fan Littenseradiel en de tapassing fan de lichte gearfoegingen by de gemeente Ljouwert en Súdwest-Fryslân. By de behanneling yn de Twadde Keamer waarden ûnder mear fragen steld oer it draachflak ûnder de befolking. De minister joech oan dat der breed draachflak is yn alle gemeenten foar dizze weryndieling. Hy spruts syn wurdearring út foar de inisjativen fan ûnderop, sa as ynspraakjûnen, om bestjoerlik en maatskiplik draachflak te kreëarjen. Byldzjend foar it brede draachflak neamde de minister it feit dat alle belutsen gemeenterieden unanym of yn grutte mearderheid foar stimden. Fierder advisearre de provinsje Fryslân ek posityf oer de weryndieling yn noardwest Fryslân.

Stimming

Op tiisdeitemiddei 14 febrewaris waard der yn in plenêre gearkomste fan de Twadde Keamer stimd oer de weryndieling. It foarstel waard oannommen mei 136 stimmen foar en 14 stimmen tsjin. Allinnich de PVV en de PvdD stemden tsjin.

De ferfolchstappen

De beslútfoarming oer dizze weryndielingen sjocht der as folget út:

  • Febrewaris – septimber 2017: behanneling wetsûntwerp yn de Earste Keamer
  • Septimber 2017: publikaasje weryndielingswet.
  • 22 novimber 2017: weryndielingsferkiezings gemeenteried fan de trije gemeenten: Waadhoeke i.o., Ljouwert en Súdwest-Fryslân.
  • 1 jannewaris 2018: start fan trije (nije) gemeenten.

Under dit beslútfoarmingsproses riede de sân gemeenten de fúzjes fierder ta.

Mear ynformaasje online

It weryndielingsadvys fan de trije weryndielingen is te finen op de websides www.weryndieling2018.frl (Frysk) en www.herindeling2018.frl (Nederlânsk). Foar ynformaasje oer de aparte weryndielings kin trochklikt wurde nei de gemeentlike websides.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wetsûntwerp weryndieling troch Twadde Keamer'.