Wolle jo ek sa’n handich Biobakje? (10-08-2017)

Hoe soargje jo derfoar dat griente-, fruit- en keukenôffal (gft) ek écht yn de Biobak ferdwynt? Troch it sa maklik mooglik te meitsjen foar jo! Dêrom hat Omrin, tegearre mei gemeenten en de yndustry, in unyk Biobakje ûntwikkele fan 100% ‘recycled’ keunststof út de Sortibak (grize kontener).

Goed foar it miljeu

Neist de besteande ‘grutte’ Biobak soarget dit spesjale ‘recyclede’ Biobakje – geskikt as keukenôffalbakje op it oanrjocht – foar ekstra gemak, sadat der in bettere ôffalskieding fan gft-ôffal komt. En troch fan keunststof in nij bakje te meitsjen, is de kringloop fan twa ôffalsoarten sletten. Fan grûnstof nei product, fan product nei ôffal, fan ôffal werom nei grûnstof. Hoe better de kringlopen sluten wurde, hoe minder grûnstoffen wy nedich hawwe.

Biobakje

It Biobakje is makke fan 100% ‘recycled’ keunststof PP (fan húshâldlik ôffal) en 100% ‘recycled’ keunststof PS (ôffal fan koelkastbehûzing). It giet om in 20 sintimeter heech ôffalbakje mei deksel (om stankoerlêst te beheinen) en in folume fan 2,9 liter.

Wolle jo ek sa’n handich Biobakje?

It Biobakje is tsjin ynlevering fan ûndersteande bon fergees ôf te heljen yn it gemeentehûs yn Wommels (ien it húshâlden, salang de foarried strekt).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wolle jo ek sa’n handich Biobakje?'.