Wurkbesite gemeenteried Súdwest-Fryslân oan Littenseradiel (17-05-2017)

Dit item is verlopen op 29-05-2017.

Ofrûne freed brocht de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân in besite oan Littenseradiel. Der waard luncht en bypraat yn Wommels. Dêrnei gie de groep yn de bus troch en by de 15 doarpen del dy’t fan 1 jannewaris 2018 ôf by Súdwest-Fryslân heare.

Under de yndruk

Underweis fertelde Rob van der Meer yn syn Zathe de Spieker oer harren gasteferbliuw, it glêstriedprojekt fan de ‘fiif doarpen’en oer rekreaasje en toerisme yn de Greidhoeke. Dêrnei gie de reis fierder nei Easterein, dêr’t Berend Santema en Grytsje Bouma klear stiene om wat oer Easterein te fertellen. De rit gie fierder en die alle 15 doarpen oan. Al mei al wie it in slagge wurkbesite. De gasten wiene ûnder de yndruk fan ús moaie gemeente.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wurkbesite gemeenteried Súdwest-Fryslân oan Littenseradiel'.