Yn 2018 jo keunstwurk ûnder in brêge? (06-09-2017)

De Friese Milieufederatie wol yn 2018 fan brêgen in poadium meitsje foar keunst en ek Littenseradiel leveret in bydrage. Troch hiel Fryslân foarmje de keunstwurken ûnder de brêgen in tentoanstelling. Jim kinne jim eigen keunstwurken dêrfoar ynstjoere oant 1 oktober 2017.

Tema ferbining

It tema fan de bysûndere tentoanstelling is ‘Ferbining’. En wat is der moaier as dat de keunstwurken ûnder de brêgen yn Littenseradiel ek in ferbining hawwe mei ús gemeente?

De wedstryd

De moaiste of meast bysûndere wurken hingje dan yn de simmer fan 2018 ûnder ien fan de selektearre brêgen of slûzen yn Fryslân. In faksjuery sil de wurken beoardielje. Oftst no professional bist of amateur, jong of âld, skilder of fotograaf, dichter of byldhouwer, elkenien kin in ynstjoering dwaan. Spesjaal foar de wat jongere keunstners is der in leeftydskategory oant 15 jier.

Hoe wurket it?

Oant 1 oktober 2017 kinne jo jo ôfbylding of tekst opstjoere nei l.bokma@friesemilieufederatie.nl. Jo krije dêrnei in befêstiging fan jo dielname fia de mail. Set yn jo mail dúdlik jo namme, telefoannûmer, e-mailadres en - ast jonger bist as 15 jier) dyn leeftyd.

Betingsten foto

Der binne betingsten dêr’t de foto oan foldwaan moat:

  • It wurk hat as tema ‘ferbining’
  • It giet der om minsken bewust te meitsjen fan natoer, kultuer, histoarje en it wetter dat by Fryslân heart. Bist dus frij om mei dyn kreaktiviteit oan de slach te gean.
  • It byld (of in foto dêrfan) moat yn orizjinele grutte oanlevere wurde
  • Alle formaten (fjouwerkant, steand, lizzend, ensafuorthinne) foar de ôfbylding binne mooglik, want der is gjin brêge itselde.

Oare betingsten en mear ynformaasje

Der binne ek betingsten oan de wedstryd. Dy steane op de webside fan de Friese Milieufederatie. Op dy webside kinne jo ek mear ynformaasje fine oer de wedstryd.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Yn 2018 jo keunstwurk ûnder in brêge?'