Ynsamlingsaksje “Taxus voor Hoop” (25-07-2017)

De gemeente Littenseradiel docht ek dit jier wer mei oan de ynsamlingsaksje fan Taxussnoeisel. Mei dizze ynsamlingsaksje wurdt it snoeisel fan de Taxus Baccata sammele.

Grûnstof gemoterapy

It snoeisel kin brûkt wurde as grûnstof foar gemoterapy. De wurksume stof dy’t dêrfoar brûkt wurdt hjit baccatine. Spitigernôch komt de Taxus Baccata net foar oer de Hiele wrâld, mar hjir yn Nederlân is hy gelokkich in protte te finen.

Jo kinne helpe!

Jo kinne meihelpe yn de striid tsjin kanker. Ut ûndersyk docht bliken dat der allinne yn Nederlân al genôch Taxushagen stean om sa’n 1,2 miljoen kilo snoeisel ophelje te kinnen. Omrekkene kinne hjirfan rûn de 10.000 gemokuren produsearre wurde. Foar eltse kuub Taxussnoeisel dy’t jo donearje, docht stifting Taxus voor Hoop ek noch ris in donaasjefergoeding oan in kankerrelatearre goed doel sadat dit in noch grutter sukses wurdt.

Wichtich om te witten

Hoe suverder it snoeisel, hoe heger it rendemint. Brûk dêrom in seil of doek om it snoeisel op te fangen en in sa suver mooglik produkt oan te leverjen. Taxussnoeisel mongen mei ierder, gers of oar grien, is weardeleas. Inkel it ienjierrich snoeisel (takken oant 30 sintimeter lang en 1 sintimeter dik) fan de Taxus Baccata befettet de weardefolle stof baccatine. It is dan ek wichtich dat it sammele snoei-grien fan hagen komt dy’t alle jierren snoeid wurde.

Praktyske ynformaasje

  • Aksjeperioade: oant en mei 31 augustus 2017
  • Bringlokaasje: Miljeustrjitten Frjentsjer en Boalsert
  • Iepeningstiden: Moandei oant en mei freed: 9.00 – 16.30 oere en op sneon: 9.00 – 13.00 oere

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op www.taxusvoorhoop.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ysamlingsaksje “Taxus voor Hoop”'.