Ynspirearjende gearkomste duorsume ûndernimmers yn Wiuwert (16-05-2017)

Dit item is verlopen op 29-05-2017.

In jier nei de ôfslutende gearkomste fan it Koploperproject Kans, kamen de dielnimmers op eigen manneboet wer by elkoar om elkoar te  ynspirearjen. De gearkomste wie in inisjatyf fan Marianne Tromp fan Automotive Ronald Morien út Wiuwert en Wietse Ligthart fan Undernimmersferiening Wommels/Easterein.

Geweldige ûndernimmers

‘It is moai dat sa’n projekt út de ûndernimmers sels wei in ferfolch krijt. Dat seit wat oer it súkses fan it projekt en oer hoe’t dat trochwurket’, seit boargemaster Liemburg, dy’t ek by in part fan de gearkomste oanwêzich wie. “Wat hawwe wy geweldige ûndernimmers yn ús gemeente. Dat ynspirearret my ek.”

Koploperproject Kans

Ferskate dielnimmers út de gemeente diene yn 2015/2016 mei oan it Koploperproject Kans. Dat wie der konkreet en praktysk op rjochte om ûndernimmers te stypjen by it setten fan stappen op it mêd fan duorsumens en Maatschappelijk Verantwoord Ondernemen (MVO).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ynspirearjende gearkomste duorsume ûndernimmers yn Wiuwert'.