Ynwenners Littenseradiel tefreden oer gebietsteams (14-06-2017)

logo's Súdwest-Fryslân en Littenseradiel

Ynwenner fan Littenseradiel binne tefreden oer de soarch en stipe dy’t se krije fan de gebietsteams. Dat docht bliken út it kliinterfaringsûndersyk dat begjint dit jier holden is troch ûndersyksburo Zorgfocuz.

Undersyk

Oan dit ûndersyk hawwe mear as 1.000 ynwenners út Súdwest-Fryslân en Littenseradiel dy’t yn 2016 soarch krigen hawwe ‘ut de Wmo, Jeugdwet, Participatiewet of it Gebietsteam, meidien.

Beoardielings

De algemene tefredenheid oer de gebietsteams krijt in 7,3. Ynwenners jouwe de stipe dy’t se krije it rapportsifer 7,6. ‘We binne bliid dat de resultaten posityf binne”, jout wethâlder Marja Reijndorp oan. ‘It i goed dat de ynwenners de meiwurkers fan de gebietsteams hieltyd better witte te finen en erfare as freonlik en saakkundich. Ek de keukentafelpetearen wurde wurdearre. Fansels binne der ek ferbetterpunten, lykas bygelyks de telefoanyske berikberens”. En dêr wol de wethâlder noch wol wat oan taheakje. “Dy ferbetterpunten binne wichtich om goed oer te dragen as de soarch en stipe aanst oer giet nei in nije gemeente.”

Ferfolch

Yn juny binne der noch petearen mei ynwenners dy’t meidien hawwe oan it ûndersyk. “Sa kinne we noch wat djipper yngean op in oantal ûnderwerpen’, jout Reijndorp oan. “De útkomsten fan de ferdjipjende petearen kinne we brûke by de fierdere ûntwikkeling fan de gebietsteams.”

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ynwenners Littenseradiel tefreden oer gebietsteams'.