Subsydzje
Subsydzjes foar ferienings
Yn 2004 binne de “Beleidsregels ter uitvoering van afdeling 3.2 (specifiek welzijn) van de Subsidieverordening gemeente Littenseradiel” fêststeld. Op grûn hjirfan is it foar ferienings yn de gemeente Littenseradiel mooglik om foar bepaalde aktiviteiten subsydzje te krijen. Hjirûnder wurde in stikmannich mooglikheden foar subsydzje op in rychje set.
Foarmings- en ûntwikkelingswurk
- in temjittekomming yn de kosten fan:
- in petear-/diskusjelieder
- de sealhier
Jeugd- en Jongereinwurk
- in temjittekomming yn de kosten fan:
- húsfesting
- in petear-/diskusjelieder
- ferbrûksmaterialen foar nifelmiddeis/-jûnen
- kaderfoarming
Boarterstunen
- in jierlikse basissubsydzje
Muzykferienings (korpsen, drumbands en majorettekorpsen)
- in temjittekomming yn de kosten fan:
- de ynstruminten
- de dirigint
- dielnimming oan konkoersen of kampioenskippen
Sjongferienings
- in temjittekomming yn de kosten fan húsfesting en lieding
Toanielferienings
- in temjittekomming yn de kosten fan húsfesting en lieding
Flankearjend âldereinwurk
- in basissubsydzje foar ‘Mear Bewege foar Alderein’
Oare Wurkfoarmen
- subsydzje foar bygekyks it organisearjen fan in skoalletoernoai
Organisearre Sport
- Sportferienings dy’t oansletten binne by in provinsjaal of lanlik sportbûn kinne subsydzje krije foar:
- jeugdleden
- de kosten fan trainers
- kaderfoarming
Oanfragen foar subsydzje (foar it kommende kalinderjier) moatte alle jierren fóár 1 juny op it gemeentehûs wêze (yn maaie stiet hjir meastal ek in meidieling oer yn Op ‘e Skille). Wolle jo mear witte oer de mooglikheden fan subsydzje oan ferienings, dan kinne jo kontakt opnimme mei Lys Scarse, tillefoan (0515) 334461 (op moandei en tongersdei en op tiisdeitemoarn) of fia e-mail: l.scarse@littenseradiel.nl.