Tagonklikheid

Publyksfreonlike teksten

De gemeente Littenseradiel wol tagonklik wêze foar elkenien. Ek ús digitale ynformaasje en tsjinsten moatte foar elkenien útwikselber en goed te finen wêze. De gemeente realisearret dit troch te foldwaan oan de Webrjochtlinen. Alle siden fan ús gemeentlike webside foldogge oan de Webrjochtlinen, dy't troch de lanlike oerheid ûntwikkele binne as kwaliteitseis foar oerheidswebsides. Us webside hat op 27 maart 2015 it "Certificaat van Toegankelijkheid (ferzje 2, nivo AA)" krigen. Om it karmerk te behâlden, wurdt dizze webside alle jierren kard.

Tagonklikheidsferklearring

De gemeente Littenseradiel foldocht sûnt 27 maart 2015 folslein oan de oerheidsstandert Webrjochtlinen ferzje 2 op nivo AA. Foldwaan oan dizze standert, makket ús webside ûnder oaren gebrûksfreonliker en better tagonklik foar ferskate doelgroepen. Yn de tagonklikheidsferklearring kinne jo dêr mear oer lêze.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Webrjochtlinen fine jo op www.webrichtlijnen.nl en www.drempelsweg.nl.

Nederlânske tekst

Nederlânske tekst 'Tagonklikheid'.