Really Simple Syndication-feeds (RRS-feeds)

logo RRS

Gemeente Littenseradiel biedt Really Simple Syndication-feeds (RSS) oan op har webside. RSS is in ienfâldige wize om automatysk op ’e hichte te bliuwen fan nije ynformaasje op dizze webside. Abonnearje jo op ien fan de feeds en alle kearen as de webside aktualisearre wurd krije jo in melding. Jo werkenne in RSS-side oan it oranje RSS-logo.

Hoe brûk ik RSS?

Om RSS-feeds te besjen hat in kompjûtergebrûker in ‘RSS-lêzer’ nedich. Dit kompjûterprogramma lit de RSS-ynformaasje fan favorite websiden op it byldskerm sjen. In gebrûker moat him dêrnei mei help fan de RSS-lêzer ‘abonnearje’ op RSS-feeds fan syn favorite siden. Bygelyks de RSS-feed fan de nijsside fan de gemeente Littenseradiel. Alle kearen wannear’t dêrop wat wizige wurdt krijt de brûker in melding. Ferlykber mei de melding dat hy in nije e-mail hat.

Wêr fyn ik in RSS-lêzer?

Der binne ferskate RSS-lêzers, programma’s om feeds te besjen en te behearen. Foar elts bestjoeringssysteem binne lêzers beskikber.

  • Windows: SharpReader, in ienfâldich programma dat docht wat it dwaan moat.
  • Mac OS X: NetNewsWire, elegant programma, maklik yn gebrûk.
  • Linux: Straw, goed nijs-aggregator.
  • Web: Bloglines, lês RSS-feeds fan eltse browser ôf. Mei yndikator foar nije feeds.
  • Mear RSS-programma’s op blogspace.com/rss/readers en earne oars op it web.

Hoe abonnearje ik my op feeds fan de gemeente Littenseradiel?

Eltse rubryksside op dizze webside wêrfan in RSS-feed beskikber is stiet in fermelding RSS. Klik op de link [RSS]. De browser toant dêrnei in webside mei saneamd xml-koade. It ynternetadres fan die side (it adres dat op dat stuit yn de adresbalke stiet) kin brûkt wurde yn de RSS-lêzer om jo te abonnearjen op de feeds.

Nederlânske tekst

Nederlânske tekst 'Really Simple Syndication-feeds (RRS-feeds)'.