Slachtedyk

Slachtedyk

 

De Slachtedyk is in samling fan diken fan rom 40 kilometer, dy’t rint fan Raerd oant Easterbierum en troch it Fryske lân slingert. Fan oarsprong hie de dyk in beskermjende funskje foar ferskate polders en lânstreken.

 

Fanôf de 15e ieuw wurde de diken sjoen as ien gehiel en ûnderholden troch “de vijf deelen” (de gritenijen Baarderadeel, Barradeel, Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel en Menameradiel). De Slachtediken beskermden de êfterlizzende greiden tsjin wetteroerlêst troch it trochbrekken fan diken lâns de westlike en súdlike diken (de Middelsee en de Flevomar/Sudersee). Noch net sa lang lyn hi de dyk in “sliepfunksje”. Bu heech wetter-alarm, koene yn de brêgen noch balken pleatst wurde, sadat it oerstreamingsgefaar lytser wurde. Dit is noch te sjen by de brêgen yn de Slachtedyk ûnder Boazum, Reahûs, Hidaard en Wommel. De balken lizze der klear foar! De dikesamling is no yn behear by de Fryske Feriening ta Natoerbehâld, It Fryske Gea. Tidens de ferskate reuny’s yn Fryslân yn july 2000, Simmer 2000, wie dizze dyk it toaniel foar de Slachtemarathon. Op 8 july 2000 fûn dit kulturele en sportive barren plak. In grut part fan de rûte rint troch de gemeente Littenseradiel.