Lintsjerein 2008

Keninklike ûnderskiedings


Ta gelegenheid fan it fieren fan de jierdei fan Hare Majesteit de Koningin wurde op de (wurk)-dei foar Keninginnedei gewoanlik Keninklijke ûnderskiedingen útrikt.

 

It giet by de dekoraasjeferliening om bysûndere fertsjinsten of prestaasjes foar de maatskippij. Der is sprake fan dizze fertsjinsten as immen him/har foar in langere tiid foar de maatskippij ynspant hat, oaren stimuleard hat of ien of mear opfallende prestaasjes of wurksumheden levere hat, dy’t foar de maatskippij in bysûndere mearwaarde hawwe.

 

Dekoraasjeferliening fan in beropsmjittige funksje is ek mooglik, mar allinne as datjinge wat immen yn it útoefenjen fan syn/har beropsmjittige funksje docht, dúdlik útgiet boppe it wurk wat der yn sa’n funksje ferwachte wurde mei. Boppedat moatte der bysûndere fertsjinsten yn de beropsmjittige funksje nei de maatskippij ta herkenber wêze en net allinne tsjinoer de wurkjouwer.

 

Bysûndere oandacht wurdt der ek frege foar it foardragen fan froulju en fan persoanen ôfkomstich út minderheidsgroepen.

 

Oft jo immen foarstelle wollen foar in keninklike ûnderkieding, dan kinne jo kontakt opnimme mei mefrou D. Donker, tillefoan (0515) 334408 of fia de mail d.donker@littenseradiel.nl.


Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan in ûnderskieding en de formulieren dy't jo dêrfoar nedich hawwe, kinne jo fine op
www.lintjes.nl (iepenet yn in nij finster).