Brandweer

Brânfeiligens


Fergunning ferliening

De gemeente hat fansels in wichtige taak as it giet om brânfeiligens yn har gemeente. Dêrom jout de gemeente (brânwacht), gebrûksfergunningen ôf. Rûnchwei is dizze fergunning ferplicht foar bedriuwen wêr’t: in protte minsken komme, gefaarlike stoffen opslein binne, nachtferbliuw plakfynt en deiferbliuw oanbean wurdt. Dizze bedriuwen moatte meastentiids in gebrûksfergunning hawwe. De gebrûksfergunning jout foarskriften foar it beheinen fan de kans op brân, it beheinen fan de gefolgen fan brân en it flechtsjen út in gebou by brân. Dizze foarskriften wurde fertaald nei boukundige tekeningen en as betingsten yn de fergunning opnaam. De foarskriften wurde bepaald troch de gemeente op advys fan de brânwacht. De brânwacht fiert kontroles út op it nelibjen fan de gebrûksfergunning.

 

Maatregels foar brânfeiligens

Einliks is hjirfoar de gebrûksfergunning fan grut belang. Dit is it grutste wapen as it giet om brânfeiligens. Der stiet yn oanjûn hoe’t saken regele wurde moatte as it giet om needútgongen, hoe’t se oanjûn wurde moatte, hoefolle as der wêze moatte ensafh. Fierder kinne jo tinke oan oanwêzigens fan blusmateriaal. Mar ek dat it materiaal wat brûkt wurdt, brânfeilich is. Jo kinne it sa gek net betinke. Yn sa’n gebrûksfergunning wurdt in bedriuw optimaal befeilige, om kwa brânfeiligens goed tared te wêzen. De binne kontrolelisten fan ynternet te delladen, sadat bedriuwen harren goed tariede kinne. Ek wannear’t se net ferplicht binne in gebrûksfergunning te hawwen is dit in útkomste. Op dizze wize, kin je gewoan goed sjen hoe’t it der by jo mei de brânfeiligens foar stiet. Der is ek in kontrolelist foar wenningen.

 

Kontrole op it neilibjen

De gemeente hat op dit stuit twa previnsjemeiwurkers yn tsjinst. Alle jierren fynt der in werkontrole plak fan de ferliende gebrûksfergunnings. Dit wurdt dien troch de brânwacht. It kin wêze dat der troch de brânwacht easken steld wurde, wêroan foldien wurde moat. As dit bart, dan kin de gebrûksfergunning ferlengd of op'e nij ferliend wurde. Mocht der net oan foldien wurde, dan kin de gebrûksfergunning úteinlik ynlutsen wurde. Dit kin foar in hotel betsjutte dat der nachts gjin minsken sliepe meie, om't dêr û.o. in fergunning foar nedich is. 

 

Relevante ferwizings:

www.brandweer.nl
Kontaktgegevens brânwacht Littenseradiel