“Steat fan de Gemeente”
Yn ‘e maitiid fan 2007 hat de gemeente Littenseradiel meidien oan it ûndersyk “Staat van de Gemeente” oer de tsjinstferliening fan de gemeente. Dêrfoar binne fragelisten rûnstjoerd oan ynwenners, bedriuwen en ynstellings én fragelisten útdield oan besikers fan de loketten yn it gemeentehûs. Yn ‘e hjerst binne de útkomsten bekend makke. Yn in soad gefallen skoart de gemeente gemiddeld, yn fergeliking mei gemeenten dy’t ûngefear like grut binne as ús.
In positive útsjitter wie de wize wêrop ús gemeente mei jild omgiet. Neffens it ûndersyk fiert de gemeente in ferstannig finansjeel belied, dêr’t net te folle belestingjild ‘oppot’ wurdt, mar der dochs in sûne reserve is foar ûnferwachtse tsjinfallers. Dêrneist is ek sjoen nei de ferhâlding fan de betelle belesting en de troch de polityk formulearre beleidsdoelen foar in bepaald jier.
De antwurden dy’t de bedriuwen en ynstellings jûn hiene, stelden lykwols wat teloar. Nettsjinsteande de ynspanning fan de lêste jierren nei oanlieding fan oare ûndersiken, skoart de gemeente Littenseradiel op dat stik leger as it gemiddelde. In direkte oarsaak foar de tsjinfallende útkomst is net oan te wizen op basis fan de algemiene útkomsten fan de “Steat fan de Gemeente”. Om in better ynsjoch te krijen yn de oarsaken, hat de gemeente oerlis hân mei de ûndernimmersferieningen. Op basis dêrfan sil sjoen wurde wat de gemeente der oan dwaan kin.