Nieuw Stroomland
Gemeenten en Provinsje Fryslân sette útein mei ‘Gebietsûntjouwing Nieuw Stroomland'ten súdwesten fan Ljouwert. It gebiet súdwestlik fan Ljouwert feroaret de kommende jierren yngripend op it gebiet fan wenningbou, bedriuwichheid, ynfrastruktuer, rekreaasje en lânskip. De belutsen partijen, provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert, Littenseradiel en Menameradiel, wolle dizze feroarings basearje op duorsume enerzjy, wettertechnology en it ferbetterjen fan de romtlike kwaliteit. By de ûntjouwing fan it gebiet wurde ynwenners, ûntwikkelders en ynstellings frege mei te tinken en mei te ynvestearjen yn it gebiet, dat fan no ôf fierder gean sil ûnder de namme ‘Gebietsûntjouwing Nieuw Stroomland'.
Sintraal yn dizze gebietsûntjouwing stiet de Keten fan Duorsumens. De kearn dêrfan is dat ynsetten wurdt op de romtlike kwaliteiten fan it gebiet én op in kar dy’t mei inoar makke is om krêftich te ynvestearjen yn duorsume enerzjy en wettertechnology. De keten fan duorsumens bestiet út fjouwer opfolgjende skeakels: Kennis, Eksperimint en Produksje en Konsumpsje. Yn alle skeakels komt de focus op duorsumens te lizzen.
De partijen sykje ynnovative bedriuwen mei skjinne technologyen dy’t harre festige wolle yn dit gebiet. Der wurdt ek ynsetten op duorsume enerzjyfoarsjenning yn wenningen en nije rekreaasjemooglikheden dy’t lânskiplik yn te passen binne en bydrage oan de ekologyske waarden. Om dit te realisearjen gean de partijen de kommende tiid aktyf sykjen nei inisjatyfnimmers dy’t risikodragend yn it gebiet ynvestearje wolle. Der hawwe harren al nijsgjirrige partijen melden.
Ynteraktyf
De gebietsûntjouwing Nieuw Stroomland wurdt in ynteraktyf proses. Merkpartijen wurde frege om yn ‘e foarm fan businesscases mei te tinken en te dwaan oan de ûntjouwing fan de keten fan duorsumens. Der wurdt in soad romte jûn oan merkpartijen dy’t it doarre, dy’t it jild en ideeën meibringe en ynvestearje wolle. De provinsje en gemeenten biede in netwurk, fasiliteiten en in setting om kontakten op te dwaan om sa projekten te realisearjen. It is net útsletten dat de oerheden sels ek (risikodragend) ynvestearje sille yn it gebiet, mei de bedoeling noch mear jild foar kwaliteit te organisearjen.
Foar mear ynformaasje, kinne jo sjen op www.nieuwstroomland.nl.