De takomst fan Littenseradiel

De gemeente Littenseradiel is fan doel om fan 1 jannewaris 2018 ôf te weryndielen. De gemeente wurdt dan opsplitst yn trije dielen.

  1. Fyftjin doarpen geane nei de gemeente Súdwest-Fryslân: Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Reahûs, Rien, Waaksen, Wiuwert en Wommels.
  2. Tsien doarpen geane mei de gemeente Ljouwerteradiel, nei de gemeente Ljouwert: Baard, Bears, Easterlittens, Hilaard, Húns, Jellum, Jorwert, Leons, Mantgum en Weidum.
  3. De fjouwer doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp foarmje mei it Bildt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel in nije gemeente: Waadhoeke.

Sân gemeenten, trije weryndielingen en ien weryndielingsadvys

Troch de opsplitsing fan Littenseradiel nimt ús gemeente diel oan trije weryndielingen. Dêrby binne yn totaal sân gemeenten belutsen: it Bildt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel en Súdwest-Fryslân. Om’t de trije weryndielingen ferbûn wurde troch Littenseradiel, wurdt der hjiroer ien foarstel makke. It weryndielingsfoarstel yn konsept hjit it weryndielingsûntwerp; dat wurdt yn novimber troch de sân rieden behannele. It definitive foarstel hjit it weryndielingsadvys en dat wurdt yn april 2016 yn de gemeenterieden behannele. Dêrnei wurdt it tastjoerd oan de provinsje.

Tydsline

  • Novimber 2015: De sân gemeenterieden nimme in beslút oer it weryndielingsûntwerp. Hjirnei leit it dokumint acht wiken op besjen.
  • April 2016: De sân gemeenterieden nimme in beslút oer it weryndielingsadvys.
  • April 2016: Definityf weryndielingsadvys nei Provinsje Fryslân. Deputearre Steaten jout har sjenswize.
  • Juny 2016: Provinsje Fryslân stjoert it weryndielingsadvys nei it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK)
  • Septimber 2016 – maaie 2017: Behanneling wetsûntwerp yn de Earste en Twadde Keamer
  • Septimber 2017: Publikaasje weryndielingswet
  • 22 novimber 2017: Weryndielingsferkiezings gemeenteried fan de trije nije gemeenten
  • 1 jannewaris 2018: Weryndielingsgemeenten fan start

Mear ynformaasje

Op dizze subside lêze jo mear oer (en it lêste nijs fan) de weryndieling fan de gemeente Littenseradiel. Klik dêrfoar op de tabblêden.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'De takomst fan Littenseradiel'.